FNP vindt dat wethouder De Haan de informatieregels aan zijn laars lapt

Bron: FNP

Foto: Gemeente Leeuwarden

Wethouder Hein de Haan - Porttret

Parseberjocht FNP: ûntwikkelingen Griene krúslokaasje Grou.

De FNP Fraksje Ljouwert, hat hjoed (tiisdei 5 jannewaris 2021) wethâlder Hein de Haan fan de Gemeente Ljouwert skriftlik witte litten, de datum fan 7 jannewaris o.s. “it foarûntwerp Bestimmingsplan Grou – werstrukturearring wentebou Nijdjip” op besjen te lizzen, om dit op te skowen.

De FNP fraksje Ljouwert, is fan miening dat dit ûnderwerp rjocht dwaan moat oan de ynwenners fan Grou, omdat de ynformaasjegearkomste fan 14 jannewaris o.s. gjin trochgong fine kin yn ferbân mei de Covid-19 lockdown.

Pleatslik Belang Grou, it rjocht hat harren fysjeplannen fan Grou oan de ynwenners fan Grou foar te lizzen.

De FNP Fraksje Ljouwert is fan miening dat der earst in ynformaasjegearkomste komme moat ear’t it foarûntwerp fan it boppeneamde bestimmingsplan ter ynsage lein wurde kin.

FNP Fraksje Ljouwert

Lyda Veldstra-Lantinga

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring