Bron: FNP
Respektfol plak foar oarlochsmonumint yn Stiens
De fraksje fan de FNP Ljouwert fynt it plak wert no it oarlochsmonumint stiet oan de Langebuorren yn Stiens net mear kinnen, it tsjûget fan in lyts bytsje respekt is ús miening.
Yn de simmer by moai waar steane de fytsen der tsjinoan, de merk op tiisdei hawwe harren keapweinen der deun tsjinoan stean. De hûnen pisje der tsjinoan en no yn de winter hawwe se der de oaljekoekenkream njonken setten.
Litte wy wol foarop stelle dat wy as FNP benammen de ambulante handel (de merkkeaplju) hjir net de skult fan jaan wolle. De gemeente Ljouwert hat fergunningen oan harren jûn foar dizze plakken en net sjoen nei it oarlochsmonumint.
As fraksje fan de FNP Ljouwert wolle wy it oarlochsmonumint in respektfol plak jaan en dat kin yn ús betinkst by de ST. Vitustsjerke yn Stiens op it betegele stikje ûnder oan de súdkant fan it tsjerkhôf, tjinoer it St. Vitushûs.
Krekt nei de 2e wrâldoarloch siet dizze selde betinkstien oan de west kant yn de toer fan de St.Vitustsjerke bemitsele.
Wy binne fan tinken dat dit plak goed wêze sil omdat ek de betinking op 4 maaie yn Stiens altyd yn de St. Vitustsjerke is. It kin mekoar fersterkje at it sawat op ien plak is.
De Fraksje fan de FNP Ljouwert hat op 28 decimber 2022 de fraach oan it kolleezje fan Ljouwert steld at it mooglik is it oarlochsmonumint te ferpleatsen en dan wol yn de maaitiid fan 2023 sadat de betinking fan 4 maaie dêr plakfine kin.
Jan-Willem Tuininga
Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

