Andries Ekhart (PvdA) verkoopt onzin

Bron: Eelke Lok op Omrop Fryslân

Caparis

Ik sei tsjin de frou: ik moat noch in kollum betinke. Ach ju, Caparis fansels, sei se. Yn de hoop dat ik de brij fan ynformaasje en non-ynformaasje wer rjocht breidzje kinne soe. Wat in betrouen. Ik kin dat ek net.

Sju, der stie tongersdei in twa pagina’s grut ferhaal oer yn de Ljouwerter Krante. Wol spannend foar it oare. Ferslachjouwer Atze Jan de Vries wie, nei tink ik wol twahûndert tillefoantsjes, útnoege yn it túnhuske fan Robert Veenstra. Dêr wie de stroom útfallen. En it wie al tsjuster. Dus we wit net at Robert Veenstra, Siem Jansen en Hugo van Woerden dêr echt sieten. Want der waard wol wat sein, mar eins ek hielendal neat. Ja, we witte no dat neffens de Ried fan Kommissarissen in hiel soad minsken net doge binnen en bûten Caparis. Mar wêrom at se net doge wurdt net ferteld. Of dat doarde de ferslachjouwer net op te skriuwen. Want dat kin fansels ek, al leau ik dêr gjin bliksem fan.

Lees hier verder

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring