Bron: Omrop Fryslân
kijk hier verder (Burgemeester Buma gebruikt morgen de lunch bij Cornelis Troost tijdens zijn kennismakingsronde door de gemeente.)
Lees ook: Kunstenaars woest op Carex en gemeente
Emosjonele IepenUP: “Ljouwert lit keunstners opdraaie foar renovaasje”25 sep 2019 – 22:49
It komt op ‘e kop ferkeard mei it brûsplak oan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert. Al 13 keunstners dy’t hjir in eigen wurkplak hawwe, wolle it ateliersintrum ferlitte om’t sy de hier net mear opbringe kinne. De gemeente Ljouwert hat koartlyn 1,5 miljoen euro útlutsen foar renovaasje en efterstallich ûnderhâld fan it eardere skoalgebou. Neffens keunstner Bonny Dijkstra lit de gemeente no lykwols de hierders foar dy ynvestearring opdraaie. Sa waard syn hier fan 350 euro ferhege nei 1.200 euro yn de moanne. “Ik ben bang dat Broedplaats Cornelis Troost binnenkort heel leeg gaat worden,” sa warskôge Dijkstra woansdei yn it diskusjeprogramma IepenUP Live oer it doel en de takomst fan Brûsplakken yn Fryslân.
afbeelding: Minne Velstra

