Finale Liet op Befrijdingsfestival Fryslân
De finale fan Liet, it festival foar minderheidstalen yn Fryslân, sil yn 2012 plakfine op 5 maaie yn Ljouwert, ûnder it Befrijdingsfestival. De bestjoeren fan beide organisaasjes sjogge yn dizze gearwurking in ferriking fan harren eigen evenemint.
Dizze wike begjint de saneamde ‘call for songs’ foar Liet 2012. Muzikanten kinne harren mei in eigen skreaun nûmer yn it Frysk, as ek in Fryske streektaal, oanmelde by Stifting Liet. De slutingsdatum is 1 febrewaris 2012. De sjuery fan 2012 sil ’t de oanmeldings in foarseleksje meitsje. Yn totaal is der romte foar 22 akts yn de foarrondes. Ferskate (ferrassende) akts hawwe yntusken al oanjûn belangstelling te hawwen (sjoch foar de oanmeldingsproseduere www.liet.nl).
Yvonne Bleize, foarsitter fan Stifting Liet €91 seit oer de gearwurking mei it Befrijdingsfestival: “De jubileumedysje yn 2011 hat sjen litten dat ús festival him liend foar de iepenloft. Troch de finale op it Befrijdingsfestival te organisearjen, biede wy ús dielnimmers in goed besocht poadium yn in profesjonele omjouwing.” De winnaar fan Liet 2012 sil yn novimber 2012 meidwaan oan de finale fan Liet International yn Asturias, Spanje.
Ek it Befrijdingsfestival sjocht de finale fan Liet 2012 as in wolkomme oanfolling op harren programmearring. Jorrit Volkers, foarsitter fan it bestjoer, seit: “De tematyk fan beide festivals rekket ynoar op terreinen sa as ferbining en identiteit. Liet hat him de ôfrûne 21 jier bewezen as in poadium, en de útstrieling fan Liet pas hiel goed binnen it konsept fan it Befrijdingsfestival.”

