Bron: FNP
Ûnderwerp: fertraging fytsferbining yn de Súdlannen.
7 juny 2020.
Acht kolleezje,
It plande fytspaad tusken Wiarda en de Wergeasterdyk krijt in wichtige rol yn de Súdlannen.
Meinamme foar gesinnen yn Wiarda werfan de bern nei de basisskoallen en berneopfang yn Techum en de Klamp gean. De bern en âlders binnen no noch alle dagen oanwezen op de fytsroute troch Goutum of nimme de auto. De route troch Goutum is in hiel stik langer en minder feilich dan de plande frijlizzende fytsroute binnen de wyk. De direkte ferbining sil ek de kohesie yn de wyk befoarderje. Troch de fysieke ôfstan tusken Techum en Wiarda groeie de buurten no earder út elkoar dan nei elkoar ta. Ek sil dit fytspaad it gebrûk fan de fyts foar wenferkear en boadskippen foar bewenners yn heel De Súdlannen oantrekliker meitsje.
It fytspaad is al in tal jierren ûnderwurp fan petear tusken de gemeente en it wykpanel, har wurkgroepen en individuele bewenners. Dat dizze ferbining der daliks net lei is te begrypen. De gemeente moat slim omgean mei de finansjele middels en de noch te ûntwikkelen plannen yn it tuskenlizzend gebied.
De FNP Fraksje Ljouwert hat de folgjende fragen:
1. Gean yn dit gefal de saaklike belangen foar de maatskiplike belangen? 2. Yn novimber 2019 hat de gemeente tasein oan it wykpanel, har yn te spannen foar in sa gau mooglike oanlis fan de fytsferbining, ek it projektburo dielde dit yn maart 2020 mei sjoch: https://www.dezuidlanden.nl/nl/nieuws/informatie-voortgang-fietspad-tussen-wiarda-en-de-klamp.html. Op 4 juny l.l. melde it projektburo dat de iepenstelling minimaal fertraagd wie mei in heal jier. De reden soe wêze dat in fytsbrêge oer de Wurdumerfeart net oan de easken foldocht. Wat is hjirfan de reden? 3. Kloppet dat de gemeente alle grûn foar it fytspaad noch net yn eigendom hat? 4. Hie dizze fertraging net foarkommen kinnen, wylst de signalen út de wyk earder net serieus nommen binne? 5. Is de gemeente mei de FNP fraksje fan miening dat de kommunikaasje mei de wyk better kinnen hie en hoe is de gemeente fan plan om de kommunikaasje te ferbetterjen? 6. Dat de oanlis fan de fytsferbining bot libbet yn de wyk blykt oer de petysje dy’t yn febrewaris l.l. hâlden is, de petysje is 448 kear tekene.
Dit jout oan dat dizze winsk breed droegen wurdt en as de gemeente en de projekt lieder iepener west wiene oer de fertraging wie de petysje net nedich west. Hoe sil it kolleezje it fertrouwen mei de wykbewenners en it wykpanel wer herstelle?
Wy soenen graach op koarte termyn antwurd hawwe wolle op ús fragen.
FNP Fraksje Ljouwert. Lyda Veldstra-Lantinga
foto: Harrie Muis; fietsers op de Schrans

