Bron: FNP

De FNP Ljouwert hat ek om it wurkgelegenheitsaspekt foar de bydrage fan de gemeente oan it plan stimt.
“Wat zijn volgens de FNP de werkgelegenheidseffecten van de bouw van het nieuwe Cambuurstadion?”
De direkte (en tydlike effekten) op de wurkgelegenheid sille foaral te krijen hawwe mei de bou fan it stadion. Hjirby binne fansels ek taleveransiers belutsen.
De fêstiging fan bedriuwen yn it WTC-gebiet moat de stadionplannen finansjeel mooglik meitsje. It is noch net yn te skatten hoe’t dit útpakke sil. De effekten op langere termyn binne ôfhinklik fan ferskate faktoaren, sa as konjunktuer en ûndernimmerskip. Foar it grutste part giet it om de ferpleatsing fan besteande bedriuwen, dy’t ferkood fan it iene plak fan de stêd nei it oare (dit jild foar ûnder oaren beide supermerken, de boumerk en de bioskopen yn de stêd, it ûnderwiis en de horeka.)
Wy steane posityf kritisch tsjinoer it plan. De troch it kollege ferwachte wurkgelegenheitseffekten binne lang net wis. It kollege giet út fan it meast geunstige gefal foar it kreëeren fan nije banen. As dat slagget en it giet net ten koste fan it totale winkelbestand yn de gemeente Ljouwert, sil it bydrage oan de wurkgelegenheit. Slagget dat net dan stiet Cambuur op koarte termyn mei it fersyk om in grutte bydrage dy op de te krappe begrutting fan gemeente Ljouwert drukt en averjochts wurket op bestedingen en de wurkgelegenheit. Wy sille der op tasjen dat er gjin gemienskipsjild fergriemd wurdt.

