Bron: FNP Leeuwarden
Parseberjocht
Haadstêd fan Fryslân moat him ûnderskiede. Frysk op de webside!
De FNP-Ljouwert steIt hjoed fragen oan it Kolleezje oer it net mear brûken fan it Frysk op de webside fan de gemeente. De wrâld is in doarp wurden. Krekt yn ús tiid is wichtich jo te ûnderskieden. Unyk yn taal en kultuer is ek in ekonomyske mearwearde as alles op inoar liket. Ljouwert as ynternasjonaal oriïntearre haadstêd fan Fryslân en kennis sintrum meartaligens kin net sûnder Frysk op de webside! Ek net sûnder Ingelsk trouwens.
Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei Pier Tilma, 058 – 2169285 of 06-55708393.
Hjirûnder steane de fragen yntegraal opnommen.
Oangeande: fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint fan oarder oer it ophâlden mei it brûken fan Frysk op de webside fan de gemeente Ljouwert
Rju achte Kolleezje,
De webside is it earste en meanst oansprekkende plak wêr’t de gemeente de wrâld sjen litte kin dat Ljouwert net allinnich haadstêd fan Fryslân is mar ek ûnderskiedend is mei de taal en kultuer. Ljouwert docht harsels tekoart as ynternasjonaal kennis sintrum fan, ûnder oaren meartaligens gjin Frysk op har webside te brûken.
1) Ljouwert wol harsels nei de bûtenwrâld ta ûnderskiede. In fin mear as in bears op it mêd fan wettertechnology mar ek unyk yn kultuer en taal. Fynt it Kolleezje ek dat it Frysk fan de webside ôf spatte moat? Lit sjen dat wy mear binne as rjocht en sljocht!
2) Ljouwert hat Mercator as ynternasjonaal kennis sintrum fan meartaligens oer trije jier stipe mei €600.000. Fynt it Kolleezje it ek sa frjemd dat de ynteressearre bûtenlânske besiker fan de side fan Ljouwert dêr neat fan werom fynt? Net yn it Ingelsk foar útlis mar ek net yn ús eigen taal as sinjaal?
3) Wethâlder Deinum wol de pompeblêden werom op de Âldehou. Dat kin yn de haadstêd fan Fryslân net by sprutsen wurden bliuwe! Is it kolleezje it mei ús iens dat de taal dy’t de Friezen bynt op de side fan Ljouwert net misse mei?
Wy geane der fan ’t dat it Kolleezje ús fragen binnen de dêrfoar jildende termyn fan 30 dagen skriftlik beäntwurdet.
Mei rju achtinge,
Pier Tilma
FNP-fraksje,

