Gemeente Leeuwarden grote afwezige bij informatie over uitbreiding vliegbasis

Bron: FNP

Foto: Ministerie van Defensie

FNP Ljouwert: “It kolleezje sjocht se al fleanen mar docht der neat oan”

8 febrewaris 2024

Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oer de nije plannen fan Definsje foar de Fleanbasis yn Ljouwert
oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it
reglement fan oarder fan de gemeente Ljouwert.

Definsje hat grutte plannen mei de fleanbasis fan Ljouwert. Neffens de plannen wurdt de koartere baan langer makke en sil it gebrûk fan de basis en lûdsromte foar it proefdraaien fan straalmotoren tanimme. Mei oare wurden: noch mear lûds- en geuroerlêst foar de omwenners yn de wiken en doarpen derom hinne. En wat de FNP Ljouwert noch slimmer fynt is dat de boarger wederom te let ynformearre wurdt en amper har stim hearre litte kin. Op de ynformaasjebyienkomste fan tongersdei
8 febrewaris yn Bilgaard waard troch de massale opkomst en de algehiele toan fan dizze byienkomste wol dúdlik hoe’t de boarger hjiroer tinkt. Troch ferskate sprekkers waard oproppen om mei in sjenswize harren stim fan ûnfrede hearre te litten. Dêr is haast by want de boarger kin oant 12 febrewaris dizze sjenwize opstjoere. En dyselde boarger rjochtet har pylken net allinnich op Definsje mar der wurdt ek nei de gemeente sjoen. Op dizze ynformaasjejûn waard dúdlik dat ek de gemeente
Ljouwert al in sjenswize yn dizze formulearre hat.

Fragen
1. Kloppet it dat it kolleezje oer dizze situaasje al in sjenswize formulearre hat?
2. Sa ja, kin it kolleezje dizze sjenswize sa gau mooglik diele mei de ried? En kin dizze sjenswize foar it wykein mei de ried dield wurde, sjoen de eindatum foar it yntsjinjen fan sjenswizen al oer 3 dagen is
3. Sa ja, kin it kolleezje útlizze wêrom dizze sjenswize net mei de ried dield hat?
4. Op de byienkomste wie de ûnfrede fan de boarger goed merkber. Kin it kolleezje oanjaan wat se dwaan sil mei dit ûntefreden signaal fan de boarger?
5. Hat it kolleezje hjiroer ek kontakt hân mei de Provinsje? Sa ja, kin it kolleezje dizze petearen mei de ried diele? Sa nee, wêrom net?
Graach soene wy, út namme fan de boarger, antwurd wolle op de boppesteande fragen.
Mei hertlike groetnis,

Bauke Beert Keizer
Riedslid FNP Ljouwert

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring