Guon dichters yn de Floris Verster Ateliers yn Ljouwert

Bron: Facebook

PUBLIKOM

Krekt de Facebookposts fan Sido Martens en Anno van der Werf (Weima & van der Werf) lêzen, beide reagearje op harren eigen wize op de (te) beskieden belangstelling dy’t der is foar guon optredens. Hja rekkenje it harsels oan, it soe ris oan de leeftyd lizze kinne, of oan it repertoire? Sels Doede Veeman stiet wolris foar minder as tsien belangstellenden, skriuwt van der Werf en men lêst yndied gauris oer eveneminten dy’t net trochgeane fanwege te min ferkochte kaarte…n.

En it reint ek noch.

Hjoed is der in evenemint yn de Floris Verster Ateliers yn Ljouwert. De doarren geane om fjouwer oer fannemiddei iepen. Guon dichters (Elmar Kuiper, Masha van Kammen, Henk Dillerop en ik) sille dêr sa tusken 17:20 en 18: 20 foardrage. It is ynformeel, wat gauris betsjut dat it publyk der gewoan trochhinne lult ensa. En dat soe wol moai wêze fansels, publyk.

Floris Verster Ateliers, Floris Versterstraat 3 (by Julianapark), Ljouwert / Liwwadden.
Dus, oant aanst grin-emoticon

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring