Kin it kolleezje oanjaan op hokker wize yn ús gemeente it Jabikskrûd gemeentlik bestride wurdt?

Foto: Simon van der Woude

Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oangeande ”Bestriding Jabikskrûd gemeente Ljouwert” oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoelt yn artikel 41, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenterie fan Ljouwert.

Achte Kolleezje,

As fraksje fan de FNP Ljouwert krije wy op dit stuit in soad meldingen binnen oer de eksplosive groei fan Jabikskrûd yn gemeentelike en provinsjale bermen as grûn fan ús gemeente Ljouwert. Jabikskrûd is tige giftig en kin betiden deadlik wêze foar bepaalde bisten wêrûnder hynders. Wy binne derfan op ‘e hichte dat lânbou-organisaasje LTO earder ek harren soargen oer dizze saak utere hawwe mar dochs blieuwe wy as FNP in soart meldingen ûntfangen. Derom de folgjende fragen oan it kolleezje.

· Kin it kolleezje oanjaan op hokker wize yn ús gemeente it Jabikskrûd gemeentlik bestride wurdt?

· Kin it kollege de earnst fan Jabikskrûd ek fia publikaasje ûnder de oandacht fan ús ynwenners bringe?

· Koördinearret de gemeente de bestriding fan it Jabikskrûd ek mei de provinsje Fryslân om reden de effisjinsje?

· Om’t Jacobskrûd ek nei it meanen en droegjen ekstreem giftich blieuwt – en der noch hieltyd aktyf meant wurd – is it fan grut belang dat de plant ek no noch ferwidere wurdt. Is it kolleezje ree om hjir ekstra ynspanning foar te dwaan?

· Kin it kolleezje yn gearwurding mei de provinsje Fryslân in deeglik plan – en dêrmei in nij belied – opstelle foar de kommende jierren om it giftige Jabikskrûd fefinityf út ús gemeente te ferwiderjen?

Graach sa gau as mooglik antwurd sjoen de mooglike gefolgen foar it bistewolwêzen!

Mei Groetnis,

Jan-Willem Tuininga

Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring