Miljeutsjinst Fumo kin los – mear effisjinsje en kostebesparring

Datum: 18 december 2012

Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing hast in feit

De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) wurdt op tongersdei 20 desimber formeel oprjochte tidens in oprjochtingsgearkomste. De dielnimmers sette dan harren hântekening ûnder it oprjochtingsdokumint. Dêrnei wurdt it Algemien en Deistich Bestjoer oansteld.

Jo binne útnoege hjirby te wêzen.

It part oant en mei it symboalysk tekenjen is iepenbier. Foar it part dernei (fan 15 oere ôf) bepaalt it Algemien Bestjoer op it momint sels hokker ûnderdielen iepenbier binne.

Wannear: Tongersdei 20 desimber 2012, 14.00 oere

Wêr: Post Plaza, Tweebaksmarkt 25, Ljouwert

Programma

14.00 – 14.30 oere Ynrin.

14.30 oere Iepeningstaspraak troch de hear Johannes Kramer, deputearre provinsje Fryslân.

14.35 oere Koarte taspraak troch frou Isabelle Diks, wethâlder fan Ljouwert (út namme fan de Feriening Fryske Gemeenten).

14.40 oere Koarte taspraak troch de hear Wietze de Haan, bestjoerslid Wetterskip Fryslân.

14.45 oere Symboalysk tekenjen fan it oprjochtingsdokumint Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing.

15.00 – 16.30 oere Offisjéle oprjochtingsgearkomste Algemien Bestjoer.

Eftergrûn

It grutste part fan alle gemeenterieden yn Fryslân hat ynstimd mei de mienskiplike regeling. Dit betsjut dat de FUMO offisjeel oprjochte wurde kin. De FUMO is op 20 desimber 2012 formeel oprjochte, mar set yn it neijier fan 2013 as ‘wurkjende’ organisaasje útein. Oant dy tiid wurdt wurke oan de fierdere ynfolling fan de organisaasje.

De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing is ûnderdiel fan in lanlik stelsel RUD’s (regionale uitvoeringsdiensten). De FUMO komt ta stân troch it oerheveljen fan in tal miljeutaken op it mêd fan fergunningferliening, tafersjoch en hanthavening. De taken wurde bondele fan de gemeenten, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân út, nei ien útfieringsorganisaasje. Dit soarget foar mear effisjinsje, kwaliteitsferbettering en op termyn kostebesparring.

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring