Open brief aan Hans Konst: politicus met statuur durft in te grijpen

Bron: Abe de Vries

IEPEN BRIEF: Hans Konst, it is tiid
Achte deputearre, bêste Hans Konst,

Jo binne in man dêr’t je wat mei kinne. In ynteger minske, dy’t it goede dwaan wol, wat dat dan ek mar is. Alteast, dat hear ik fan de jongste suster fan ús mem. No wol it gefal dat de prakkesaasjes fan de jongste suster fan ús mem yn ‘e regel wol de muoite wurdich binne om in pear tellen by stil te stean; der sit wolris wat yn, sille we mar sizze. Mar ik ken jo net persoanlik. Dêrfandinne dizze iepen brief oan jo, in pear dagen foar de ynsprekkerij by de Steaten – no woansdei – oer it ûnhillige, ·nsalige en healwize wynmûneplan fan it troch de provinsje Fryslân sels yn it libben roppen arsjitekteburo Atelier Fryslân.

Dochs is dat plan allinnich mar de oanlieding foar dit brief. Ik wol noch wat mear op it aljemint bringe. Us mem wie yn Harns, de stêd dêr’t jo wenje, aktyf belutsen by de partij, de PvdA, dêr’t jo op ’t heden de foaroanman fan binne. Yn Harns giet in tal saken net goed, dat witte jo likegoed as ik. Yn Fryslân giet in tal saken ek net goed. De fraach dêr’t it op delkomt is: wat dogge jo dêr oan?

Wynmûnen is ien. Hjoed lies ik in stik yn Kijk op het Noorden oer Atelier Fryslân en dêryn komt lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter rom oan it wurd. Ik lies dat de provinsje dit Atelier folslein betellet en dat de kommissaris fan de Keninginne foarsitter is fan in Atelierried. Ik mei dus oannimme dat de advizen fan dit Atelier by de provinsje der wol yn weagje. Ik mei fan jo ferwachtsje dat jo lykwols de ûnôfhinklikens opbringe kinne om te sizzen: nee, bêste Peter de Ruyter, wat jim no op tafel lizze, faaks is it goed bedoeld en allegear bêst, mar it roait igge noch seame en it moat fan tafel.

De Leeuwarder Courant hat de ôfrûne wiken it iene nei it oare opinystik fol arguminten tsjin de stelselmjittige ferwoasting fan ús Fryske lânskip troch de pleatsing fan wynmûnen brocht. Ik hoech hjir dus net de neidielen en de minimale enerzjy-opbringst fan dizze apparaten nochris oer te eidzjen en ’t te plúzjen. Teminsten, ik nim oan dat jo dy krante ek lêze. Ik nim lykwols n·t oan dat de provinsjale polityk sa yninoar sit, dat sa’n oerfloed oan arguminten ek dalik in beliedswiziging fan gefolgen hat. Mar och, wat soe ik dat graach al tinke wolle…

Twa is it jiskefabryk. Yn jo eigen stêd, yn Harns, oan de Waadsee. “Se binne net wiis,” hat jo foargongster Andriesen sein, doe’t hja koart foar har ûntidige dea ferge waard op har persoanlike miening oer it plan om yn Harns in folslein oerstallige REC te bouwen.

Trije is de Sintrale As nei Dokkum. Ferline wike ha ‘k mei de bern meidien oan in protestfytstocht yn ‘e krite Garyp-Feanwâldsterw·l. De treannen springe jo yn de eagen as jo foar jo sjogge hoe’t aansens troch dat unike lânskip hinne in fjouwerbaansdyk wynderje sil. Ek hjir: gjin needsaak. Ek hjir: burokrasy slacht foar master op. Ek hjir: ferwoasting, imago-skea, protest, ûnrêst, ûnfrede, argewaasje, yrritaasje, in hieltyd bredere en djippere kleau tusken befolking en polityk.

Fjouwer is de Heak om Ljouwert. Nimmen oars as Geert Mak hat him dúdlik útsprutsen tsjin dat deaf·nnis foar it lânskip westlik fan Ljouwert. Ekskl·syf foar it boek Giftige Simmer / Giftige Zomer, dat ein oktober by de Friese Pers Boekerij ferskine sil – in boek fol mei protestuteringen fan keunstners, mear as fjirtich, tsjin de wize sa’t wy yn Fryslân omgeane mei de kearnwearden fan ús provinsje – hat Mak in nij, grut en geweldich essay skreaun wêryn’t er ien en oar nochris helder ’t de doeken docht. Dat giet net allinnich oer de Heak, dat giet ek oer de As, it jiskefabryk, de wynmûnen. Ik wol it earste eksimplaar fan dat boek graach oan jo oanbiede, nammentlik oan de deputearre dy’t romtlike oardering yn syn portefeuille hat. It boek is dan, om it samar te sizzen, yn ien klap te plak. Ik soe wiis wêze mei in berjocht dat jo Giftige Simmer yn ûntfangst nimme wolle.

Achte deputearre, fertel my no net dat jo mei de rêch tsjin de muorre stean. Machteleas binne. Dat der oan de fjouwer ûnderwerpen dy’t ik hjir neamde, neat mear te dwaan is. Dat de plannen no ienris makke binne, it jild no ienris binnenhelle is, de lodde no ienris yn ‘e grún moat. Jo hawwe ’t eigen frije wil keazen foar it fak fan politikus. Jo binne oannommen om de polis, de stêd, yn dit gefal de provinsje, te bestjoeren. Om it goede te dwaan. Om ferstannich en wiis en mei oerlis te sykjen nei it bêste. Ek as dokter witte jo wêr’t ik it oer ha.

It bêste, Hans Konst, is it om sa gau mooglik in ein te meitsjen oan it lijen fan dizze koalysje PvdA, CDA en KristenUny. In koalysje dy’t him folslein fersjoen hat op in tal grutte, megalomane mar ·nnoadige en ferskriklik skealike ynfrastrukturele projekten, en dy’t himsels no ferskuorrend ferbrekke moat om de skyn op te hâlden. It helpt net om te sizzen dat jo eigen partij yn it ferline meiwurke hat oan it meitsjen fan dizze plannen. De tiden feroarje. In politikus fan kwizekwânsje doart ta te jaan dat oare ynsjoggen op in stuit de oerhân krije moatte. De PvdA moat syn tinten op ‘e nij opsette ûnder de himel. De beakens fan tsien jier lyn lizze net langer op de goede plakken. Jo, as foaroanman, moatte se fersette.

Dêr binne ek praktyske redenen foar. Ien fan jo kollega’s yn de Steaten hat my ferdútst dat de PvdA by de folgjende Steateferkiezings rekkenet mei 50 persint ferlies, dat wol sizze dat fan de 12 PvdA-Steateleden der aansens noch mar 6 oerbliuwe sille. Jo kinne dat fansels folslein op it buordsje fan lanlike ûntjouwings skowe, as jo wolle, as jo dat in gerêst gefoel jout. Mar ik tink dat it sa net hoecht. De opfjefte dêr’t de partij yn Fryslân foar stiet yn de kommende jierren is de omfoarming fan in – yn ‘e eagen fan in grut part fan it werklik by de publike saak belutsen elektoraat – synyske beropsbestjoerdersclaque nei op ‘e nij in folksorganisaasje. Let wol, sûnder te ferfallen yn it maklike opportunisme sa’t wy dat oan de linker- en de rjochterkant fan it politike spektrum ek wol sjogge.

Hans Konst, it is tiid. No dalik. Fryslân sil him tsjin jimme keare as jimme de moed net opbringe kinne om it bêste te sykjen en it goede te dwaan.

Mei heechachtinge,

Abe de Vries

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees de privacyverklaring