Bron: FNP, LEO, Liwwadders en Omrop Fryslân
Foto: Simon van der Woude

Útslute “Herontwikkeling Speelmanskwartier” oan Prijsvraag Zalen Schaaf.
De fraksje fan de FNP Ljouwert wol it Kolleezje fan Ljouwert freegje om “Herontwikkeling Speelmanskwartier”út te sluten fan dielname oan de Prijsvraag Zalen Schaaf.
Dit om de reden dat de arsjitekt (keppele oan ”Herontwikkeling Speelmanskwartier”) nammens harren kliïnt Blue Banner RED sich net hâlden hat oan de easken dy’t fêststeld binne yn de “Leidraad Prijsvraag Zalenschaaf” opsteld troch (haadstik 1 punt 1.1) Aanbesteder de Gemeente Leeuwarden.
Yn haadstik 3.3.1 stiet: Inschrijvingen voor het verstrijken van de in 5.1 vermelde uiterste aanmeldingsdatum (5.1: woensdag 16 december 2020 voor 12.00 uur) te laat ingediende inschrijvingen worden niet in behandeling genomen. Inschrijver is zelf verantwoordelijk voor het correct en op tijd indienen van de inschrijving.
De fraksje fan de FNP Ljouwert hat de binnenkomsten fan de 3 ynskriuwingen út de saneamde “rangorde” opfrege by it amtlik apparaat en ûndersocht; dêr út die bliken dat de ynskriuwing fan de groep “Herontwikkeling Speelmanskwartier” ynstjoerd troch de arsjitekt pas op 16 decimber 2020 om 20.53 oere per mail ûntfongen is troch de gemeente ynstee fan de easke uterste tiid fan 16 decimber 2020 om 12.00 oere.
De fraksje fan de FNP Ljouwert is fan miening dat de stelde regels yn de “Leidraad Prijsvraag Zalenschaaf” net foar neat opsteld binne troch de Gemeente Ljouwert en giet der dan ek fan út dat it kolleezje hannelje sil sa at sy sels omskriuwe yn 3.3.1 fan dit stik. Dizze partij útslute fan dielname oan de “Competitie Herbestemming Zalenschaaf” dus!
Fierder geane wy der fan út dat nei it útsluten fan Herontwikkeling Speelmanskwartier de saneamde “rangorde” mei (zaaknummer Z233854-2021) taheakke oan it Riedsútstel, dat ús ferline wike tastjoerd is, no wurde sil 1. Zalen Schaaf blijft! In beweging en 2. Agora.
Mei Groetnis,
Jan-Willem Tuininga
Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert
Lees ook:
Keuze Schaaf van college lijkt te breken met eigen verkiezingsprogramma
En de winnaar is? De rommelige ‘prijsvraag’ rond Zalen Schaaf
FNP leit bom ûnder takomstplan foar Zalen Schaaf
Wethâlder Hein de Haan hat gjin tiid om foar de mikrofoan op de saak yn te gean.

