SP: Waarom subsidie aan Douwe Egberts, een bedrijf met miljardenomzet?

DS / deputearre Sander de Rouwe

Brief DS 01433929 d.d. 19-07-2017

Artikel LC 08-09-2018: “Subsidie voor behoud DE”

Op grûn fan hokfoar regeling hat DS besletten om Jacobs/DE subsydzje te jaan?

Jo brief sprekt fan in bedrach fan €100.000 wylst de LC it hat oer €200.000 provinsjale subsydzje; wat is it krekte bedrach dat jûn is?

Wat hawwe de oerwagings fan DS west om dizze subsydzje te jaan oan in private ûndernimming mei in miljardenomset?

Yn it foarbehâld yn jo brief hawwe jo it oer “needsaaklike beslútfoarming.” Hokfoar rol is hjirby weilein foar Provinsjale Steaten?

De Fryske Marren is ree om €1,5 miljoen te jaan oan Jacobs/DE, FB/Oranjewoud hat €0,5 miljoen jûn. As de provinsje de €2 ton subsydzje net jûn hie, wat soene neffens DS dan de gefolgen hjirfan wêze kinne?

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring