Gymnastiekferienings V en K en Gymnastiekvereniging Leeuwarden lûke oan de belle!

Bron: FNP

Foto: Simon van der Woude

Beide Ljouwerter sportferienings roppe it Ljouwerter kolleezje op om yn aksje te kommen. Nei eardere kontaktmominten, oerlis tusken ferantwurdlik wethâlder, BV Sport en beide gymnastykferienings binne de beide bestjoeren noch gjin wurd wizer wurden. Heech tiid foar aksje, dêrom freget FNP Ljouwert jim oandacht foar de folgjende, taheakke, fragen. Want wêr meie ús topturners groeien bliuwe?

Gymnastiekferienings V en K en Gymnastiekvereeniging Leeuwarden trekken aan de bel!
Beide Leeuwarder sportvereningen roepen het Leeuwarder college op om in actie te komen. Na eerdere contactmomenten en overleggen met de verantwoordelijk wethouder Jacobse, BV Sport en beide turnverenigingen zijn beide besturen nog geen woord wijzer geworden. Hoog tijd voor actie, daarom vraagt FNP Ljouwert aandacht voor de volgende, toegevoegde, vragen. Want waar mogen onze topturners doorgroeien?

===

Skriftlike fragen oangeande de ynkommen brief fan de Gymnastiekferienings V en K en Gymnastiekvereeniging Leeuwarden, mei de Titel: ”Turnhal nog niet Dichtbij”

Acht College,

Sûnt juny 2023 is al bekend dat boppesteande gymnastykferienings te kampen hawwe mei ferskate knipepunten oangeande it gebrûk fan de gymsealen binnen de gemeente, de sitewaasje is bekend by de gemeente én by BV SPORT, nettsjinsteande ferskate petearen mei de wethâlder en BV SPORT is der noch gjin oplossing fûn, net op koarte termyn, mar ek net op lange termyn.

De FNP fynt dit ûnbegryplik en komt dêrom mei de folgjende fragen:

De wethâlder referearret nei in Mulierûndersyk wat earst ôfwachte wurde moat.
Fraag: Kin de wethâlder oanjaan wannear’t dat ûndersyk ôfronde is?

Yn de berekkening fan BV SPORT wurd foar in nije turnhal útgongen fan sirka 4.5 miljoen. Fraach: Wêr is dit op basearre en wêrom kin It Fean dit bouwe foar 1,5 miljoen? Wêryn sit it ferskil?

De wethâlder hat oanjûn dat de gemeente net ferantwurdlik is foar it realisjearjen fan in nije turnhal. Dit moast provinsiaal besjoen wurde.
Fraach; Hat de gemeente kontakt hân mei de provinsje en sa net, is de gemeente ré om dit alsnoch te dwaan?

It sportbelied wurd yn desimber dit jier féststeld.
Fraach: Is de wethâlder it mei ús iens dat dit foar de belutsen ferienings fierstente lang dourret?

Fraach: Is de gemeente mei BV SPORT bereid om yntensyf en konstruktyf te sykjen nei sawol tydlik as op lange termyn?

Sawol Dokkum as Hearefean hawwe in Turnhal.
Fraach: Kin de wethâlder hjir mear ynformaasje oer ynwinne en de mooglikheden foar sa’n hal foar Ljouwert as Haadstêd fan Fryslân te fergelykjen?

De FNP fraksje sjocht de beantwurding fan boppesteande fragen op koarte termyn binnen de stelde tiid temjitte.

Fraksje FNP LJouwert

Hinke Roorda

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring