Kin it kolleezje in update jaan fan de status fan de ûntwikkeling dêr’t yn it artikel oer sprutsen wurdt?

Bron: FNP

FNP Ljouwert oer bestridingsmetoade PFAS

5 febrewaris 2025

Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oer in nije bestridingsmetoade fan PFAS troch it
tapassen fan plasma oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn
artikel 42, earste lid fan it reglement fan oarder fan de gemeente Ljouwert.

Op 4 desimber 2024 waard der in artikel1 publisearre yn de Leeuwarder Courant oer in nije metoade foar it ferneatigjen fan PFAS troch it tapassen fan plasma. En dit foar earst barre sil by de Jelsumer feart.

Plasma is tûsenden graden hyt en dit dus in protte enerzjy kostje sil. En dat wylst wy yn
Fryslân al in hiel soad oare útdagingen hawwe op it mêd fan enerzjy en netkongestje. Yn it artikel wurdt sprutsen oer in ynstallaasje dy’t allinnich op lytse hoeveelheden wurket. Elke kúb wetter kin yndividueel ûntdien wurde fan PFAS.

Yn dit proses wurdt it Fryske wetter sterilisearre op molekulêr nivo. FNP Ljouwert fyn it in goeie saak dat der nije metoades ûntwikkele wurde om de PFAS yn it Fryske miljeu te ferneatigjen mar wol op in helbere en reälistyske wize.

Fragen
1. Kin it kolleezje in update jaan fan de status fan de ûntwikkeling dêr’t yn it artikel oer sprutsen wurdt? Ek nei de omwenjenden fan de Jelsumer Feart? En by nee, wêrom net?
2. Kin it kolleezje fertelle oft der ek oare metoaden oerwage wurde? En sa ja, hokker?
En wat wa bepaalt hokker metoade der tapast wurdt?
3. Kin it kolleezje wa’t yn dit proses de lieding en ferantwurdlikheid hat? Is dat de gemeente, Definsje, it Wetterskip of de Provinsje? En foar wa binne de kosten?
4. Wit it kolleezje oft dizze technyk faker tapast op dizze grutte skaal en sa ja, binne dêrfan ek resultaten bekend by it kolleezje?
5. Is it bekend hoefolle enerzjy der mei dizze technyk nedich is om PFAS út de hiele
Jelsumer Feart te heljen?
6. De plasma-technyk ûntdocht allinnich it wetter fan PFAS mar it sit ek yn de boaiem.
Kin it wetter opnij fersmoarge wurde troch de PFAS yn de drek of is hjir ek in oplossing foar?

FNP Ljouwert sjocht de antwurden op dizze fragen graach gau temjitte.

Mei hertlike groetnis,
Bauke Beert Keizer
FNP Ljouwert

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring