FNP: Ljouwert moat har net ynpakke litte troch moaie praatsjes

Bron: FNP Leeuwarden

PARSE BERJOCHT:

FNP: net Grinzer, mar Ljouwerter ynstellings stypje

De FNP-Ljouwert wol dat de gemeente Ljouwert folle mear ynset op it stypjen fan ynstellings yn Ljouwert dy’t it Fryske bedriuwslibben fasilitearje. Nei oanlieding fan in nij op te setten ‘International Welcome Center North ‘ dat fêstige wurde sil yn de stêd Grins komt de partij ta dat stânpunt.

Ut in ferslach fan de bestjoerskommisje EZ fan SNN fan 13 desimber 2013 docht bliken dat in nij op te setten ‘International Welcome Center North ‘ fêstige wurde sil yn de stêd Grins. Dêrby wurdt sein dat subsydzje foar in nij op te setten ‘International Welcome Center North’ fan de ferskate oerheden komme moat. Ut in berjocht op de website fan de NOM kin konkludearre wurde dat it dêrby om de gruttere gemeenten yn Fryslân, Grinslân en Drinte giet. Jo kinne fan tinken hawwe dat dan ek Ljouwert yn oanmerking komme sil.

De FNP fraksje Ljouwert is fan miening dat nei it fuortgean fan ynstellings út Ljouwert (bygelyks Kadaster, rjochtspraak, UWV, haadkantoar K.v.K) nei de stêd Grins ta, dat Ljouwert net oan sa’n ‘noardlik sintrum’mei betelje moatte soe. Sterker noch, de FNP freget it Kolleezje fan B&W mei klam om de besteande ynstellings yn Ljouwert mear te stimulearjen. Tink oan it WTC, it ûndernimmersplein en de oerbleaune aktiviteiten fan de Keamer fan Keaphannel. Dat yn gearwurking mei de provinsje Fryslân en it SNN. De oerheden yn Fryslân, wêrûnder de gemeente Ljouwert, moatte har net ynpakke litte troch moaie praatsjes oer de krêft fan massa en gearwurkjen, mar mei faasje ynsette op de eigen wurkgelegenheid yn Fryslân.

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring