Twatalich kearboek Tao Te Ching hertaald en ferfryske troch Eric Hoekstra

P a r s e b e r j o c h t

Ljouwert, septimber 2015

1 Twatalich kearboek Tao Te Ching hertaald en ferfryske troch Eric Hoekstra

Titel: Tao Te Ching
It Boek fan de Wei en de Deugd – Het Boek van de Weg en de Deugd
Oersetter/Vertaler Eric Hoekstra (Ljouwert)
Tal siden/Aantal pagina’s: 200
ISBN: 978-90-8954-794-1
Priis: € 16,50

Oer it boek:
De Tao Te Ching is skreaun yn ʼe fjirde ieu foar Kristus. Dat makket fan Lao Tse in tiidgenoat fan Boeddha en fan Plato. It wie in tiid dat sawol by de Griken as by de Sinezen it tinken alle kanten útfleach, allegearre tinkrjochtingen waarden ferkend en foar it earst waarden de resultaten fan dy ferkenningen opskreaun. De Tao Te Ching leit oan de basis fan de tinktradysje fan Sina en Japan. It hjoeddeistige Zen-boeddisme grypt der ek wer op werom.

Over het boek:
De Tao Te Ching is geschreven in de vierde eeuw voor Christus. Dat maakt Lao Tse tot een tijdgenoot van Boeddha en van Plato. Het was een tijd dat zowel bij de Grieken als bij de Chinezen het denken alle kanten uitvloog, allerlei denkrichtingen werden verkend en voor het eerst werden de resultaten van die verkenningen opgeschreven. De Tao Te Ching ligt aan de basis van de denktraditie van China en Japan. Het tegenwoordige zenboeddhisme grijpt er ook weer op terug.

2 In fermaaklike en ferrassende bondeling fan Midfrysk wurk yn hjoeddeistich Frysk

Titel: Midfrysk Goud
It bêste út ’e 17e iuw yn goed lêsber Frysk
Skriuwer: Eric Hoekstra (Ljouwert)
Tal siden: 170
ISBN: 978-90-8954-793-4
Priis: € 16,00

Oer it boek:
Mei dizze blomlêzing besykje ik ús perspektyf op Fryske literatuer yn de 17e iuw by te stjoeren. It byld sa’t it no is, wurdt iensidich beskaat troch de reuzefiguer fan Gysbert Japicx. Syn wurk wurdt ferhearlike, net kritysk hifke, en it wurk fan in Van Hichtum wurdt sûnder fierdere analyze as ynferieur beskôge.
Yn dizze blomlêzing behannelet Eric Hoekstra ûnder oaren ûndogenske lietsjes fan Giacomo Vredeman, it petear tusken mem en dochter oer de leafde yn Johan fan Hichtum syn Ansk en Houk, Deiboek en reis fan Jan van Vliet, De Sprekwurden fan Jurjen fan Burmania, de lyryske Gysbert Japicx en Gysbert Japicx as kristen en as kluchtige moralist. Alle stikke binne foarsjoen fan in ynlieding en sa nedich útlis. In fermaaklike, ferrassende en oansprekkende bondeling.

Oer de oersetter:
Eric Hoekstra beskriuwt himsels as tinker en dichter. Yn 2007 bivakkearre hy in wike yn in tonne foar in boekhannel ter gelegenheid fan de Maand van de Filosofie, yn it spoar fan de âlde Grykse filosoof Diogenes de Synikus. Fierder sette hy wurk fan de filosoof Friedrich Nietzsche oer yn it Frysk, wêr’t hy de Obe Postmapriis foar krige. Yn syn hoedanichheid fan taalkundige ûndersiket hy ûnder oaren ferbale manipulaasje yn nijs- en aktualiteiterubrieken. Nêst syn taalkundich en letterkundich wurk skriuwt hy kollums foar de populêre nijsside liwwadders.nl. Hoekstra slagget yn it goed beargumentearjen fan orizjinele stânpunten. Yn 2012 ferskynde fan syn hân in Nederlânske en in Fryske oersetting (yn ien bân) fan de Bhagavad Gita.

Underskrift foar de redaksje:
Wolle jo mear ynformaasje, in resinsje-eksimplaar bestelle of in fraachpetear mei de oersetter, dan kinne jo kontakt opnimme mei: Jitske Kingma, jitskekingma@elikser.nl, 058-2894857, 06-48626286

Ofbyldingen fine jo taheakke
Freonlike groetnis,

Martine Kamphorst publisiteit en marketing foar
Utjouwerij Elikser
Ossekop 4
8911LE Ljouwert tel: 058-2894857

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees de privacyverklaring