Bron: FNP
Foto: A. Keikes; André Keikes

Goeie minsken,
Foar de FNP Ljouwert is it mooglik nei Ljouwert ta heljen fan it Eurovisiesongfestival net in útmakke saak. Wy fine it prachtich dat de Kommissaris fan de Kening Arno Brok en wethâlder Sjoerd Feitsma sa dol entûsjast binne mar wy as FNP hiene foar dat dizze twa Ljouwert kandidaat stelden graach as Rie hjir earst efkes oer praat.
Hja kinne fan alles wol wolle mar de Rie is altyd noch de baas.
It soe geweldich wêze dat it Eurovisiesongfestival yn 2020 yn Ljouwert plakfine kin mar de kosten dy’t san festein mei sich mei bringt binne net neat. Dizze wurde skatte op goed €30.000.000. En ek de stêd dy’t it organisearret sil in bêst heech bedrach del lizze moatte.
Foar ús as FNP is it útsluten dat de boarger hjir foar opdraaie sil. (gjin belesting sinten dus) Wy ha yn de stêd al in te koart op kutluer-festifalbelied (sjoch nei de neushoorn).
Derom binne wy fan miening dat de wethâlder op koarte termyn útlizze moat oan de Rie fan Ljouwert hoe at it kolleezje dit tinkt te beteljen.
Mei groetnis,
Jan-Willem Tuininga Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

