Foar de kommende gemeenteriedsferkiezings sil Groen Links wierskynlik, krektlyk as 4 jier earder, wer entûsjast op de griene (doarps)trom slaan.

Foto-Weidevogelgebied Hounspolder bron Leeuwarder Courant

Grien Blyn

Goutum, Groen Links, Zeewolde.

Mei it spulsje “wa heart net yn dit reitsje thús” komme jo automatysk út by de politike partij. Mar mei in oare ynstek kin je Goutum en Zeewolde lykwols maklik oan Groen Links linke.

It achterlân fan Goutum, foarhinne it Goutumer Aldlân, no ferstêdst ta De Zuidlanden, driget har lêste fûgelgreide, de difersiteitsrike Hounspolder te ferlizen en Zeewolde liket 200 ha boerelân foar in habbekrats kwyt te reitsjen oan it gigantyske datasentrum fan Facebook, dat likefolle stroom opfret as de folsleine Amsterdamse befolking en dêrmei de griene transysje aardich frustreart.

By beide projekten hat GroenLinks as sleutelpartij net allinnich har griene hert ferleagene, mar se hat ek nochris de manmachtich fûl protestearende doarpsbefolking en de grienlinkse achterban yn de kjelt stean litten.

Foar de kommende gemeenteriedsferkiezings sil Groen Links wierskynlik, krektlyk as 4 jier earder, wer entûsjast op de griene (doarps)trom slaan.

Jochum Rypma Bears

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring