Bron: FNP
Foto: A. Keikes
Skriftlike fragen oangeande “aanleunbewoners niet meer welkom bij activiteiten Leeuwarden zorgcentrum” oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 41 earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeente Ljouwert.
Stiens, 18 novimer 2022
Acht Kolleezje,
De fraksje fan de FNP is bot skrokken oer it stik wat wy hjoed lêzen hawwe op de side fan Omrop Fryslân oer it “boycotten”fan âlderen yn oanleun wenningen fan soarchcintrum de Hofwijck yn Ljouwert.
Sa geane jo net mei âldere minsken om!
By de “algemene beschouwingen” in pear wyke lyn hat de FNP Ljouwert neamt dat de ôfrûne jierren troch de Corona in protte minsken lange perioades twongen yn iensumens trochbringe moasten en wermei sy foar in grut part harren sosjciale libben kwyt rekke binne.
Wy hoopje dat it kolleezje mei dizze konstatearing adekwaat te wurk gean sil om de âlde situaasje oangeande “meidwaan oan aktiviteiten ek foar bewenners fan in oanleunwenning” werom te bringen.
Mocht it kolleezje der net út komme as gjin strukturele finansjele romte fine, dan sjogge wy as FNP hjir oer graach in útstel rjochting de gemeenteried.
No noch in oantal fragen:
(graach de antwurden mei motivaasje dus net allinich ja as nee)
Wie de gemeente op de hichte brocht troch de KwadrantGroep oer dizze situaasje? sa ja per wanneer?
Yn It Skilhiem yn Stiens is op 1 moarn nei dizze situaasje ek, mar falt ûnder Palet die is ek ûnderdiel fan de KwadrantGroep út makket, is it kolleezje ek troch Palet benadere oer dizze situaasje?
Spilet dit ek by oare soarchoanbieders yn ús gemeente bygelyks yn Friesma State mei “Noorderbreedte”?
kwadrantGroep jout oan dat der budzjet oerhevele is nei Amaryllis, is dit de oarsaak fan it probleem?
Wit it kolleezje ek dat Amaryllis hjir fan op de hichte wie? Sa ja hat Amaryllis it ek bekind makke by de gemeente?
Hat it ferlies fan budzjet oan de KwadrantGroep ek soarge foar ûntslagen fan aktiviteitenbegelieders?
Hat it kolleezje sicht op wer it jild bedarret by Amaryllis wat oars foar aktiviteiten nei de KwadrantGroep gie?
Is het kolleezje ree dit probleem per direkt mei beide hannen oan te pakken sadat foar de krystdagen elts wer mei dwaan kin oan aktiviteiten en net yn iensumens hoecht troch te bringen?
Sjoen de earnst fan dizze saak liket it de FNP net dat de reguliere beantwurding termyn brûkt wurde sil.
Groetnis,
Jan-Willem Tuininga
Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert
===================================


