Bron: FNP
Foto: Simon van der Woude
Fragen FNP Ljouwert ferkearsfeiligens Harnzerstrjitwei N353
Jannewaris 2024
Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oer de ferkearsfeiligens op de Harnzerstrjitwei N353 oan it
kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglement fan
oarder fan de gemeente Ljouwert.
Acht kolleezje,
Justerjûn ûntfong de fraksje fan de FNP Ljouwert it berjocht dat der in ûngemak bard wie op de
Harnzerstrjitwei. Oan it begjin fan de jûn fan tiisdei 2 jannewaris is der op N383 in auto te wetter
rekke.
De auto kaam fan Ljouwert ôf en is yn de earste bocht rjochting De Haak te wetter rekke. De bestjoerder is nei it MCL brocht. Artikels op ferskate nijswebsides skriuwe oer in “Onbekende oorzaak” mar neffens de FNP Ljouwert de oarsaak liket ús dúdlik: yn dizze beruchte bocht ûntbrekt de dykmarkearring folslein. Hjirtroch is de bocht yn it tjuster amper te sjen, hielendal as it reint, lykas it justerjûn ek die. As hja net bekend is op dizze dyk dan is dizze ferkearssituaasje dreech yn te skatten en dêrmei libbensgefaarlik. Dêr komt by dat de maksimum snelheid krekt foar de beruchte bocht van 50 nei 80 kilometer yn it oere giet. Der is ek gjin fangrail en gjin strjitferljochting. By nacht rydt hja fanút it ljocht it tjuster yn. Mei oare wurden: de FNP Ljouwert is fan tinken dat dizze dyk en dizze spesifike bocht it perfekte resept foar in libbensgefaarlike ferkearssituaasje foarmje.
Fragen:
1. Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat de dykmarkearring op dit plak folslein ûntbrekt?
2. Is it kolleezje fan tinken dat dizze bocht better oanjûn wurde moat om hja te warskôgjen foar dizze risikofolle ferkearssituaasje, bygelyks mei ferkearsbuorden dy’t oanjouwe dat hja in skerpe bocht nadert?
3. Is it kolleezje fan tinken dat it tapasse fan maatregels lykas it oanbringen fan bettere dykmarkearring, in fangrail en/of strjitferljochting needsaaklik binne om dizze ferkearssituaasje feilich te meitsjen?
Neffens de webside fan Rijkswaterstaat is de gemeente Ljouwert weibehearder fan dit weifak2
. FNP
Ljouwert soe graach antwurd wolle op de boppesteande fragen en dat der maatregels nommen wurde om dizze gefaarlike ferkearssituaasje te ferbetterjen.
Mei hertlike groetnis,
Bauke Beert Keizer
Riedslid FNP Ljouwert


