Foto: Simon van der Woude
Ljouwert hat it ljocht noch net sjoen | FNP makket him soargen
24 febrewaris 2025
Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oer de minne strjitteferljochting en de ferkearsfeiligens by
ferskate rotondes om it sintrum fan Ljouwert oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as
bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglement fan oarder fan de gemeente Ljouwert.
FNP Ljouwert hat ferkearsfeiligens heech yn it feandel. De ofrûne tiid hat de FNP meardere kearen skriftlike fragen yntsjinne oer ferkearssituaasjes dy’t yn ús eagen en/of de eagen fan de ynwenners fan ús gemeente ûnfeilich binne. En sjoen nei de talleaze nijsberjochten oer ferkearsûngemakken is en bliuwt dat nedich. Ek ôfrûne wykein wie it wer raak: op de webside fan de Ljouwerter hulptjinsten1 wie te lêzen dat ik taksysjauffeur in fytser oanriden hat by de rotonde fan Us Mem, oan de
Harnserstrjitwei. De fytser moast nei it sikehûs. Oer de oarsaak wurdt yn dit stik neat skreaun, útsein dat de bestjoerder de fytser oer de holle sjoen hat. Fansels hearre alle fytsers ferljochting te hawwen mar goeie strjitteferljochting is ûnmisber yn dit soarte ferkearssituaasjes.
FNP Ljouwert hat earder skriftlike fragen steld oer de minferljochte rotonde by Hoeksterein yn
Ljouwert. Mei min waar en tsjinljocht fan oare auto’s is fyts- en kuierferkear op de rotonde net te sjen. Libbensgefaarlik. En dat wylst de rotonde Bleekleane – Grinzerstrjitwei en dy by it Gymnasium prima ferljochte binne. Yn de beäntwurding fan dizze fragen op 28 novimber 2023 waard tasein dat de strjitteferljochting by de rotonde Hoeksterein yn de earste helte fan 2024 ferbettere wurde soe.
No, yn de earste helte fan 2025 hat de FNP noch gjin ferbettering sjoen.
Mar in feilige ferkearssituaasje freget mear as allinnich goeie ferljochting. Yn ús haadstêd binne ek ferskate ferkearssituaasjes dy’t ûndúdlik en ûnlogysk binne. Sa is de yndieling fan it Blokhúsplein in betiizjende ferkearsdebakel: it fytspaad ferdwynt, it is net dúdlik wêr fuotgongers del moatte en foar autoferkear dat fanút de Druifstreek komt, liket it as of sy allinnich rjochtsôf meie, wylst dat net sa is.
Op it plakje dêr’t de haaietosken sweve, meie auto’s ek linksôf nei de Keizersgrêft. Mar troch de nutteleaze stoepe yn it midden fan de dyk liket it as of dat net mei. En is der ek noch in wyldgroei oan sebrapaden: 3 stiks yn 50 meter. Ja, it sjocht der moai út mar de FNP fynt: foarm folget funksje.
Fragen
1. Dielt it kolleezje de miening dat ferskate plakken/rotondes binnen de beboude kom ûnfoldwaande ferljochte binne en dat dit ta skea giet fan de ferkearsfeiligens? Sa nee, wêrom net? Sa ja, wat en op hokfoar termyn wol it kolleezje hjir wat oan dwaan?
2. Kin It kolleezje útlizze wêrom situaasje rûnom de strjitteferljochting by it Hoeksterein noch net ferbettere is wylst dit wol tasein is? En kin it kolleezje in termyn jaan wêrop dit wol plakfine sil?
3. Dielt it kolleezje de miening dat de ferkearsynrjochting by de Blokhúsparte ûndúdlik en dêrtroch ûnfeilich is? Sa nee, wêrom net? Sa ja, wat en op hokfoar termyn wol it kolleezje hjir wat oan dwaan?
4. Op alle rotondes binnen de ring fan Ljouwert hawwe fytsers en fuotgongers foarrang op autoferkear. Ek by de rotondes Egelantierstrjitte – Kalverdijkje is dit it gefal. By de rotonde
1 Taxichauffeur ziet fietser over het hoofd op de rotonde bij Us Mem
2 Document Leeuwarden – Beantwoording schriftelijke vragen FNP begeanberens stoepen – iBabs
Publieksportaal
Archipelwei – Grinzerstrjitwei is der op 1 fan de 4 ôfslaggen in sebrapaad. Mar by de rotonde
Archipelwei – Egelantierstjitte, in rotonde dêr’t in soad fyts- en kuierferkear delkomt (by de
Poiesz), hawwe auto’s op alle ôfslaggen foarrang. Dielt it kolleezje de miening dat in oanpassing fan de foarrangssituaasje by dizze rotonde mear feilichheid biede soe foar de skoallebern en winkelbesikers dy’t mei de fyts of te gean binne? Sa nee, wêrom net? Sa ja, wat en op hokfoar termyn wol it kolleezje hjir wat oan dwaan?
FNP Ljouwert soe graach antwurd krije op de boppesteande fragen.
Mei hertlike groetnis,
Bauke Beert Keizer
FNP Ljouwert


