Discussiestuk Culturele Hoofdstad: zet Leeuwarden stevig aan het roer

Bron: Abe de Vries

zaterdag 17 december 20112018: Nocht oan de takomst

[diskusjestik op www.fryslan2018.eu]

Ljouwert, as haadstêd fan Fryslân, wol Europeeske Haadstêd fan Kultuer yn 2018 wurde. De stêd yn syn regionale kontekst stiet oan it begjin fan in lange en spannende reis, dy’t fan singeliere betsjutting wêze kin foar de takomst. It draait om folle mear as kultuer allinne. De ynset is neat minder as in folsleine selsfernijing.

DIT IS WAT WY WOLLE!

Wêr giet Ljouwert / Fryslân 2018 oer?

Europeeske Haadstêd fan Kultuer wurde wolle, wat betsjut dat? Foar ús betsjut it: fol kr·ative enerzjy en entûsjasme nocht hawwe oan de takomst.

Nocht oan de ûntwikkeling fan Ljouwert, mar ek fan de hiele provinsje Fryslân. Wy wolle ’t ein sette mei dat aventoer. Fan Ljouwert in oanjeier meitsje op allerhanne mêd: it stimulearjen fan de wurkgelegenheid, it útbouwen fan de kennisekonomy, mar ek it op ‘e nij ûntdekken en opfrissen fan de Fryske identiteit, taal en kultuer yn in Europeeske kontekst. Bouwe oan in stêd, in prachtige stêd, dy’t ekonomysk, maatskiplik en kultureel de haadstêd wêze kin fan in grutsk Fryslân.

It is in ambysje dêr’t wy nú mei begjinne moatte. Gjin synisme, blinder. Optimisme! We ha in spannende reis foar ús. Der is konkurrinsje. We dogge om sa mar te sizzen mei oan de Kulturele Olympyske Spelen fan Europa. En jo wurde wier gjin Kulturele Haadstêd troch in festivaltsje hjir en in sympoasiumke dêr te organisearjen. Jo wurde Kulturele Haadstêd as jo in fizy hawwe op jo stêd, jo omjouwing en jo bydrage oan it Europeeske debat. In fisioen, in ideaal. In idee oer hoe’t it wêze kinne soe.

In dream

It Europeeske programma fan Kulturele Haadstêden is neat oars as in poadium dêr’t men lokale en regionale fraachstikken yn in Europeeske kontekst op pleatse kin. De bedoeling is om yn in proses fan artistike yntervinsjes de maatskippij sawol kultureel as sosjaal en ekonomysk te reitsjen. Om werklike feroarings op gong te krijen, dy’t wurkje oer in langere perioade. Je wurde Kulturele Haadstêd as jo in perspektyf hawwe dat net ophâldt yn 2018, mar noch jierren dêrnei trochwurket.

En ast in boadskip hast oan Europa. Wy wolle Ljouwert en Fryslân yn in moderne, ynternasjonale kontekst sjen. Ut de woarteling yn de eigen regio wei sykje nei partners, foarbylden en gelikensen oer de grinzen. Fryslân is ’t skoalfoarbyld yn Europa fan in regio dy’t wrakselet mei syn ûntwikkeling. In gebiet boppedat dêr’t in minderheidskultuer altyd in grutte, mar yn moderne tiden hieltyd minder fielbere bydrage oan levere hat. In gebiet dat in ‘new vision of the future’ nedich hat.

Ja, miskien is dat in dream. In dream fan in jongere generaasje Friezen, dy’t net hingjen bliuwe wolle yn nostalgy. De dream fan in ‘glokale’ netwurk-generaasje, dy’t lokaal libbet en globaal tinkt. Dy’t grutsk is op Fryslân, mar ek oertsjûge is fan de needsaak en jou in ympuls. Sadat Ljouwert en Fryslân ek de kommende desennia libbensfetbere, autentike en orizjinele grutheden bliuwe, mei genôch ‘human capital’.

lees verder op http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees de privacyverklaring