FNP: De 400 huzen yn de Hem sil it pracht stik natuer grutte skea ta bringe

Bron: FNP

Goeie Minsken,

De Fraksje fan de FNP Ljouwert hat hjoed in doek pleatst yn Goutum om stipe te jaan oan Doarpsbelang Goutum, stichting behoud Amerikaanse windmolen Wirdum-Goutum, Milieudefensie, Beheergroep vrijwilligers weidevogelbescherming en alle ynsprekkers dy’t foar behâld fan de Hounspolder binne.

De 400 huzen dy’t it kolleezje fan Ljouwert hjir bouwe wol yn de Hem sil it pracht stik natuer grutte skea ta bringe is de miening fan de FNP mar toant it rapport fan Altenburg en Wymenga ek oan.

As fraksje fan de FNP ljouwert binne wy fansels fan miening dat der hiel gau huzen bij komme moatte yn ús gemeente, mar sjoch dan earst nei it ferlet op de doarpen is ús miening.
Fanôf it begjin binne wy tsjin it bouwen yn de Hem west en sille dit ek blieuwe!

(wy sille de lêste 5 minuten by de beslútfoarming net foar in twadde opsje kieze en ús miening hjiryn feroarje!)

Jan-Willem Tuininga
Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring