FNP verzet zich tegen nieuwbouw in Hounspolder – FNP: Stop met bouwen nieuwe dorpjes

Zicht op Leeuwarden
Gezicht op Leeuwarden, midden 19e eeuw (collectie HCL)

(tekst: FNP)

De Fraksje fan de FNP Ljouwert sil sich fersette tsjin eltse foarm fan ûntwikkeling by de Hounspolder by Goutum (tusken Goutum-Súd en Wiarda).

De Gemeente Ljouwert is op dit stuit dwaande mei de ûntwikkeling fan bouplan de Hem.

De fraksje fan de FNP har al earder oanjûn fel tsjin te wêzen op bouwen fan “nije doarpen“ oan de stêd Ljouwert fêst, yn ús eagen leit de prioriteit foar nijbou foaral yn de 35 doarpen om ljouwert hinne.
Jongerein, mar ek âlderen moatte wenje kinne wer sy graach wolle en dat kin op dit stuit net. Wy binne dan ek fan miening dat jo nei ferlet (aard en skaal) op de doarpen bouwe moatte. Ek de provinsje jout hjir op dit stuit romte foar.

Ek meitsje wy ús grutte soargen dat de heegweardige biotoop yn de Hounspolder ferlen gean sil by wat foar aktiviteit dan ek. Yn eagen fan de FNP Ljouwert moat it mar in kear dien wêze om al it grien en dermei de natuer om de stêd hinne te ferkwânseljen t’n geunste fan wentebou as grutskalige sinneparken.

De reaksje fan Doarpsbelang Goutum, Ljouwert Mileudefensie, St. B.A.W.Goutum en Wirdum en vrijwilligers weidevogelbescherming dy’t wy hjoed op de mail krigen kinne wy as Fraksje fan de FNP Ljouwert folslein ûnderskrieuwe.

Wy sille yn de rie fan ljouwert ús hurd meitsje foar boppesteande.

Mei groetnis,
Jan-Willem Tuininga
Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring