FNP: We merken in Grou niks van LEO, kan dat ook anders?

Bron: FNP Leeuwarden

Skriftlike fragen artikel, 41, earste kêst, neffens Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried fan de gemeente Ljouwert, yntsjinne troch de FNP Fraksje Ljouwert op moandei 23 maart 2015.
Ynlieding:
Op 1 jannewaris 2014, is in diel fan de eardere gemeente Boarnsterhim taheakke oan de nije gemeente Ljouwert.
Sûnt juny 2014 is de nije omrop Leo de “ nije “ nijsstjoerder wurden fan de nije gemeente Ljouwert. Nei oanrinproblemen moat it no dochs mooglik wêze dat alle ynwenners fan de gemeente Ljouwert de omrop Leo ûntfange kinne.
De FNP fraksje krijt regelmjittich reaksjes/klachten binnen dat de doarpen yn it eardere Boarnsterhim, gjin omrop Leo ûntfangen kinne en sels ek net fan it bestean fan dizze omrop Leo ôfwitte.
Yn de eardere gemeente Boarnsterhim, wie de omrop de” Boarnsterstim” dúdlik herkenber, yn de doarpen en eltsenien yn de doarpen koe de” Boarnsterstim” ûntfange.

Ek de programmering wie bekind by alle ynwenners, m.n. de sportferslagen yn de wykeins op de sneon en de snein. No is it net bekind as dy programma’s der noch binne.
Derom hat de FNP fraksje Ljouwert de folgjende fragen:
Is it kolleezje fan B&W op de hichte dat de omrop Leo net yn alle doarpen fan de gemeente Ljouwert de ûntfangst mooglik is?
Is it kolleezje fan B&W mei de FNP fraksje fan miening dat nei in jier fan útstoering fan omrop Leo, it dochs mooglik wêze moat dat alle ynwenners fan de gemeente Ljouwert omrop Leo ûntfange kinne?
Is it kolleezje fan B&W foarnimmens om aksje nei omrop Leo te ûndernimmen om te ûndersykjen wer’t de problemen lizze en hoe’t omrop Leo dit op koarte termyn oplosse sil.
It dochs mooglik wêze moat om sawol fia de Ether, kabel, UPC, KPN en Livestream omrop Leo yn de hiele gemeente Ljouwert ûntfange te kinnen.
Is it kolleezje fan B&W it mei ús iens dat omrop Leo mear oan nammebekindheid wurkje moat en harren better sichtber meitsje moat yn de hiele gemeente m.n. yn de doarpen en harren programmering dúdliker nei buten bringe moat.
Graach soe de FNP fraksje op koarte termyn antwurd hawwe wolle op dizze fragen,
Ut namme fan de FNP Fraksje Ljouwert.
Lyda Veldstra-Lantinga

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring