Gemeente plaatst gastank op monumentaal kerkhof Stiens – Huilende mensen aan de telefoon

Bron: FNP

Foto: KP

De FNP Ljouwert hat konstatearre dat by de grutte Sint Vitus tsjerke yn Stiens in gastank pleatst is op it stjerkhôf. Ek binne wy juster al belle wurden troch poer lilke neibesteanden oer dizze situaasje. De minsken binne tige oandien dat der in gastank op noch gjin meter fan it grêf fan harren leafhawwenden pleatst is en hoopje dat dit rjocht setten wurde sil en in oar plak foar de tank keazen wurde kin.

Fannemoarn ha wy melding makke by in lid fan it kolleezje fan tsjerkerentmasters fan Stiens oer de benadering fan de neibesteanden, Wy hawwe ek witte litten dat wy as FNP it tige nûver fûnen dat de neibesteanden net op’e hichte brocht binne fan dizze ûntwikkeling.

Ek hawwe wy sjoen dat yn de Gysbert Japicxstrjitte by tsjerke de Hege Stins ek in gastank pleats is oan de dykskant. As FNP freegje wy ús of at dit samar allegearre kin? Fannemiddei hawwe wy de situaasje oan wethâlder Hein de Haan fan de gemeente Ljouwert foarlein.

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring