Is it kolleezje op de hichte dat de hûs oan hûs blêden fan de NDC Mediagroep yn de takomst ferdwine sille?

Bron: FNP

Foto: A. Keikes; André Keikes

FNP Fraksje Ljouwert, hat skriftlike fragen oangeande it ferdwinen fan de huis-aan-huis blêden fan de NDC Mediagroep.

Skriftlike fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn kêst 41, earste lid, fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomste fan de ried fan de gemeente Ljouwert.

Oangeande: it ferdwinen fan de hûs oan Hûs blêden fan de NDC Mediagroep.

Datum: 8 april 2021.

Acht kolleezje,

Dizze wike kaam yn it nijs dat de hûs oan hûs blêden fan de NDC Mediagroep, ferdwine sille yn Fryslân.

Dit betsjut dat ek de huis aan huis yn de gemeente Ljouwert ferdwine sil.
De huis aan huis wurdt alle wiken yn de gehele gemeente Ljouwert fergees ferspraat.
De gemeente Ljouwert hat alle wiken in 2/3 side mei ” Kennisgevingen ” yn de huis-aan-huis.
Op de side ” kennisgevingen ” steane meldings foar de ynwenners fan ús gemeente sa as:
De Tsjinstferliening fan de gemeente Ljouwert, Miljeu, Basisregistraasje, Wij werken aan, fergunning, publikaasjes oangeande gemeentlike regelingen, ensafh.
In grutte groep ynwenners fan ús gemeente binne fan wege it ûntbrekken fan finansjele middels gjin abonnee op in deiblêd fanwege de hege kosten en sjogge de hûs oan hûs blêden as in goed alternatyf.
Ek is de gemeente ferplicht harren ynformaasje te dielen mei harren ynwenners, net eltsenien is digitaal en sjoen de vergrijzing binne de meidielings op papier noch altiten nedich.

Dit ropt by ús FNP Fraksje de folgjende fragen op.
1. Is it kolleezje op de hichte dat de hûs oan hûs blêden fan de NDC Mediagroep yn de takomst ferdwine sille? Sa ja, hat it kolleezje ek al tocht oan in alternatyf?
2. Is it kolleezje it mei de FNP Fraksje iens dat de berjochtjouwing nei harren ynwenners ta net allinne digitaal nedich is mar ek op papier?
3. Is it kolleezje ek fan doel om sels in ” eigen ” ynformaasje blêd op A-4 formaat út te jaan, yn de foarm sa ’t ek de ynformaasje nei de doarpen en wyken ta giet?

Graach soene wy antwurd hawwe op dizze fragen op koarte termyn.

FNP Fraksje Ljouwert,
Lyda Veldstra-Lantinga

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring