Johannes Kramer listlûker ferkiezings Provinsjale Steaten

Bron: FNP

Foto: FNP

Deputearre Johannes Kramer fan Sibrandabuorren wurdt nei alle gedachten de FNP-listlûker foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten yn maart 2019. De adfyskommisje kiest dêrmei foar kwaliteit, stabiliteit en politike ûnderfining. Partijlieder Kramer is sûnt hast acht jier de earste FNP-deputearre fan Fryslân.

Twadde op de kieslist is Corlienke de Jong fan Jutryp. De Jong is de beëage foarsitter fan de FNP-Steatefraksje, wat sy op dit stuit ek al is. Nijkommer is Sijbe Knol (27) fan Sint-Anne op plak trije. Hy is no riedslid yn de gemeente Waadhoeke. Op plak fjouwer stiet Steatelid Sybren Posthumus (Reduzum) en op fiif Wopke Veenstra (Boelensloane).

De adfyskommisje hat ûnder oaren sjoen nei kompetinsjes fan kandidaten, spesjalisaasjes, ferjonging en regionale sprieding. De leden moatte harren op ’e fergadering fan 23 novimber noch útsprekke oer de list.

De leden hiene yn septimber boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen (Gau) al oanwezen as kandidaat-senator foar de FNP yn de Earste Keamer. De kandidatelist foar de ferkiezings fan Wetterskip Fryslân is doe ek definityf makke. Dêr stiet Bram Bonnema (Frentsjer) op ien, Yde Dykstra (Ljouwert) op twa en Bert Vollema (Tsjom) op trije.

foto: Harrie Muis (Goutum)

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring