Strjitstiennen en stoeptegels wurde dweiltrochwiet teplak lein, der wurdt gjin sân brûkt en der wurdt gjin stien oantrille

Bron: FNP

Vrij Baan!
Wethouders Henk Deinum en Friso Douwstra

Rju achte kolleezjeleden,

Rûnom yn ús gemeente binne ferskate partijen dwaande mei de oanlis fan glêsfezel. Dit is
fanselssprekkend keppele oan de noadige grûnwurksemheden, dat begrypt elts.
Mar witte jimme, kolleezjeleden, dat it op ‘e nij bestraten fan de stoepen en diken binnen ús
gemeente net giet sa as gewoan is?

Strjitstiennen en stoeptegels wurde dweiltrochwiet teplak lein, der wurdt gjin sân brûkt en der wurdt gjin stien oantrille, in leek begrypt dat dit sa net kin. De strjitten en stoepen yn ûnder oare Mantgum,
Grou en Stiens dy’t foar de oanlis fan glêsfezel iepenhelle wurde, wurde net sa kreas en goed ôflevere as dat de bestrating deryn lei. It is op guon plakken net om oan te sjen. Yn Stiens is sels de haadrinrûte Maartenswouden rjochting it sintrum op dit stuit ûnbegeanber. Dit fine wy hiel ûnwinsklik; de strjitstiennen dy’t skots en skeef lizze foarmje benammen foar minder valide minsken in grut strûkelblok.

Dernjonken hawwe wy as FNP Ljouwert noed oer de ôfwikkeling. It feit dat it in frije merk is, betsjut net dat gemeente Ljouwert yn dizze kwestje neat te sizzen hat…

Hjirûnder fine jo ús fragen en 2 fersiken:
1. Wa betellet it herstraten fan de strjitten en stoepen fan gemeente Ljouwert dy’t der, nei oanlieding fan dizze wurksemheden, fan ’t simmer tige min by lizze sille?
2. Wa is ferantwurdlik foar dizze kosten achterôf.
3. Hjir sille rjochtlinen foar opnaam wêze yn de kontrakten, fan dy rjochtlinen soene wy graach op ‘e hichte brocht wurde.
4. Wy wolle jo oantrúnje om te bemiddeljen tusken oanbieders om harren ynvestearje te litten yn 1 netwurk mei tagong foar alle ynternetoanbieders.
→ Uitrol glasvezel veroorzaakt regelmatig overlast – Regio Online
Toezichthouder ACM raadt gemeenten aan om te bemiddelen tussen internetproviders, zodat deze samen gaan investeringen in één netwerk met toegang voor alle internetaanbieders.
5. Wy wolle jo oantrúnje om te bemiddeljen tusken oanbieders sadat de stoepen en diken mar
1 kear iepen hoege.

Wy sjogge jimme antwurden graach ferskinen, mei hertlike groetnisse,

FNP Ljouwert | Janneke de Boer

Privacy-instellingen

Externe media

Video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest.

Lees de privacyverklaring