Bron: Fryske Akademy
By syn ôfskiedssympoasium ‘Fryslân en de wrâld’ kriget prof. dr. Reinier Salverda it lidmaatskip fan de Fryske Akademy oanbean. Hy kriget dit fanwegen syn fertsjinsten op it mêd fan de wittenskip en foar de Fryske kultuer en fanwegen syn grutte, oanhâldende niget oan de wittenskip en de Fryske kultuer yn it algemien.
De tienduizend dingen
Njonken it lidmaatskip kriget Salverda in feestbondel fan goed 500 siden oanbean: De tienduizend dingen. De bondel, dy’t ûnder redaksje stie fan Hanno Brand, Ben Groen, Eric Hoekstra en Cor van der Meer, befettet 32 bydragen oangeande literatuer, skiednis, taalkunde en meartaligens. Kollega’s út binnen- en bûtenlân (ek út Indonesië en Londen, dêr’t Salverda jierrenlang wurke hat) hawwe meiwurke oan de bondel, ûnder mear de histoarikus Jonathan Israël, taalkundige Eric Reuland en filologe Lut Missine.
Hanno Brand opfolger
Reinier Salverda is op 5 novimber 2013 65 jier wurden; hy hat fan juny 2006 ôf direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy west. De histoarikus dr. Hanno Brand – sûnt 2009 wurksum oan de Fryske Akademy as fakgroepshaad Skiednis & Letterkunde – folget him op.

