15.000 berjochten op Frysktalich nijswebstee It Nijs

Op sneon 28 maart steane der presys 15.000 nijsberjochten op de Frysktalige nijswebsite www.itnijs.nl, in bysûnder heech oantal foar in side yn in minderheidstaal. It 15.000 berjocht giet oer Friezen om utens en Fryske kriten yn Nederlân. De side is online gien op 16 augustus 2009 en ôfrûne neijier hielendal yn in nij jaske kaam. It ferskil mei oare Frysktalige nijwebsiden is dat op It Nijs net allinne Frysk nijs stiet, mar ek nijs út Europa en de rest fan de wrâld.

Fan it begjin ôf

It Nijs is in idee fan de Ried fan de Fryske Beweging. It hat as doel om minsken mear Frysk lêze te litten en it Frysk mear sichtber te meitsjen op it ynternet en sosjale media. Yn 2009 is in groepke fan fiif frijwilligers ûnder lieding fan Meidert Tjerkstra begûn mei it online setten fan in stik as fiif nijsberjochten deis. It Nijs is útgroeid ta in side mei mear as tsien berjochten deis, skreaun troch mear as twintich frijwilligers. It Nijs profilearret him ynhâldlik mei in soad nijs oer (minderheids)talen, wittenskip en kultuer. Stephan Berger en Ed Knotter leverje trije kear wyks in ‘Opfrysker’, de Fryske Akademy skriuwt alle wiken in Taalbaas-tip en Eric Hoekstra, Sybren Singelsma en Pyt Kramer hearre by de groeiende groep fêste kollumnisten.

Besikers

Yn de ôfrune seis jier binne de besikerssifers fan de webside omheech gien. Alle dagen wurdt likernôch 900 kear in artikel oanklikt, goed 20% mear as in jier earder. 90% fan de besikers komt út Nederlân. It Nijs hat goed 2000 freonen op Facebook en mear as 1900 folgers op Twitter.

Op de sojale media fan It Nijs wurdt de kommende dagen sjen litten hokker berjochten de ôfrúne tiid populêr wiene by de lêzers.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees de privacyverklaring