Adviseur provincie minacht openlijk hoogste rechtsorgaan

Bron: Abe de Vries

Rektifikaasje: Adema transparant!

Wy hawwe it ferkeard sjoen. De eksterne miljeu-adviseurs fan deputearre Piet Adema binne it oer ien ding hertstochtlik iens: wat hat dy Adema op it stik fan saken fan de REC yn Harns dochs transparant west.

Want hy hat dus e-mails fan ingenieursburo’s iepenbier makke – hielendal ’t himsels. ‘Een stuk royaler’ as oare bestjoerders it dien hiene, neffens ien of oare heechlearaar. Noch in pluspunt: Adema presidearre oer in fergunningsproseduere dy’t ‘heel erg transparant’ wie, docht ien of oare miljeu-adviseur fan ien of oar buro ek in stoer yn ’t ponkje. De man wol ek noch wol kwyt dat er net begrypt wêr’t de tsjinstanners fan de REC har yn fredesnamme drok oer meitsje.

It foel allegear te lêzen juster op de foarside fan de LC. Grappich dat niisneamde miljeu-adviseur it ek noch efkes hat oer dy ‘stomme Raad van State’, dat lestige orgaan dat him benammen dwaande hâldt mei it sykjen nei foarmfouten. Ek grappich dat it provinsjebestjoer him ynstekke lit troch adviseurs dy’t de rjochtssteat blykber leechachtsje.

Wol spitich dat de krante net meldt hoefolle jild dizze ‘externe’ adviseurs foar harren advizen krigen hawwe. Wat wie de fergoeding? Of dat se bygelyks fergees sokke advizen jouwe, inkeld om’t se Piet Adema sa’n aardige fint fine. Ja, dat hie ik dan ek wol efkes witte wollen.

De miljeu-adviseur, alwer deselde, sinjalearret fierder noch dat de diskusje hieltyd mear giet oer relatyf ûnbelangrike detailfragen, lykas hat Piet Adema it leafst borgers of irenes op tafel of hoe skjin is dy REC eins yn ferliking mei oare ynstallaasjes.

No, dan is de kontra-revol·sje wol wer kompleet. In pear dagen lyn hie de krante al in regio-iepening tabetocht oan boargemaster Scheffer. Wêrom? Nije feiten? Unthullingen? Nee, dat wie inkeld om Scheffer sizze litte te kinnen dat de REC in ‘milieu-klapper’ wie. Dat is in wize fan sjen dy’t al sûnt in jier as wat nei foarren skood wurdt troch Omrin en it provinsjebestjoer – de REC besparret it sâltfabryk gas en soarget dus foar minder CO2 útstjit.

Tank, boargemaster, dat jo ús dat feit noch efkes yn it omtinken bringe woene. Tank, krante, dat jo ús wat dat oanbelanget efkes by de les hâlde koene. Spitigernoch, boargemaster, en lullich, krante, dat jimme net efkes melding meitsje fan de miljeu-skea dy’t it ûnhillich b·n fan jiskefabryk en sâltfabryk tabringt oan Noardwest-Fryslân.

Of fan de wize sa’t de befolking mei opset sin oan kant set is, negearre en skoffearre is, by it beslút om de REC yn Harns te bouwen. Of fan de demokratyske ideeën fan Adema c.s. oer draachflak. Of fan de skimmige wize sa’t Omrin – de ôfgod fan Adema – bûten alle gemeenterieden om yn it djipste tsjuster bestjoerd wurdt. Prosedueres wit de deputearre, burokraat yn hert en nieren dy’t er is, alles fan. Mar polityk? Polityk yn de werklike sin fan it wurd?

En jo sizze boaiemdelgong. Soe it net ris wat wêze om ’t te rekkenjen hoefolle jild dy delgong kostet? Want dy boaiem moat net te hurd sakje. Oars bliuwe der te deale te min eury oer foar al dy eksterne miljeu-adviseurs fan transparante Adema.

Privacy-instellingen

Externe media zoals video’s, audiospelers, kaarten en donatieformulieren kunnen gegevens delen met de genoemde externe aanbieder. Ze worden standaard pas geladen nadat je daarvoor kiest. Lees de privacyverklaring