Bron: It Fryske Boek
Iepening Sutelaksje yn Stiens
Fleanende start fan de Sutelaksje yn Stiens
Boargemaster E.J. ter Keurs fan Ljouwerteradiel jout op freedtemiddei 4 septimber by it gemeentehûs yn Stiens it startskot fan de lêste Sutelaksje, nei ’t It Fryske Boek mei in soad spektakel letterlik ’t ·e loft fallen is. Om krekt 14.30 oere ferskynt in SAR-helikopter boppe it gemeentehûs…
Yn 2009 fiert It Fryske Boek in jubileum. De stichting bestiet 75 jier. Dat jubileum betsjut foar It Fryske Boek net allinne weromsjen op in lange tiid fan promoasje foar de Fryske literatuer. It doel is benammen om foarút te sjen. Tiid foar in nije oanpak. Dêrom is de Sutelaksje fan ’t jier foar it lêst. Noch ien kear sille sa’n 1.800 frijwilligers yn ferskate plakken yn Fryslân mei kroaden fol boeken hûs oan hûs by de doarren lâns.
By de iepening fan de Sutelaksje, dêr’t skriuwers en Stienzer sutelers by oanwêzich wêze sille, wurdt ek it jubileumboek fan It Fryske Boek presintearre en de Skriuwerskalinder foar 2010. As dat pakket delkommen is, kriget Boargemaster Ter Keurs fan beide it earste eksimplaar ’t hannen fan presintatrise Aly van der Mark. Dêrnei sille de earste sutelers op ·en paad. Om 17.00 oere komme skriuwers en sutelers byelkoar yn De Skalm foar in b·lemiel. Under it iten kinne hja in presintaasje fan de kalinderfoto’s ferwachtsje en in optreden fan Adri de Boer. Dêrnei sille de sutelers wer mei kroaden fol boeken op stap. Oan 20.00 oere ta binne dy ûnderweis yn Stiens en omkriten en yn in part fan Britsum. De beide boekebussen fan It Fryske Boek binne ek oanwêzich. Fan 4 septimber ôf binne de sutelers wer troch hiel Fryslân ûnderweis. (Skema taheakke.) Foar in mear wiidweidich oersjoch: www.fryskeboek.nl.
Bradery sneon 4 septimber yn Stiens
Diskear sille ek wer skriuwers presint wêze om Fryske boeken te ferkeapjen op de Stienzer bradery. Fansels wolle se graach in hântekening yn de oankeapen sette. De boekebus en de kreamkes fan It Fryske Boek binne tusken 10.00 en 18.00 oere by it gemeentehûs te finen. Dêr komme ·.o.: Auck Peanstra, Anders Rozendal, Jan Schotanus, Hylke Speerstra, Koos Tiemersma, Willem Verf, Sietse de Vries en Durk van der Ploeg.
Boekejûnen (skema taheakke)
Foarôfgeand oan de Sutelaksje binne tsien boekejûnen mei ynformaasje, in skriuwersprogram en muzyk foar de sutelers en oare belangstellenden organisearre. Koartsein: in noflike jûn foar elk dy’t belangstelling hat foar de Fryske literatuer. De jûnen begjinne om 20.00 oere, útsein yn Dokkum, dêr wurdt ’t ein set om 20.30 oere. De presintaasje is yn hannen fan Aly van der Mark. De muzyk wurdt fersoarge troch Gurbe Douwstra en Gerbrich van Dekken.
Oersjoch:
moandei 24 augustus: MFS De Skalm, P. Jurjensstrjitte 17, Stiens
Skriuwers: Anders Rozendal en Hedzer Hooijenga
tiisdei 25 augustus: bibleteek Warkum, Begine 52, Warkum
Skriuwsters: Akky van der Veer en Baukje Wytsma
moandei 31 augustus: bibleteek Dokkum, Brokmui 62, Dokkum
Skriuwsters: Berber van der Geest en Babs Wijnstra
tongersdei 3 septimber: MFS Wjukken, Om ‘e Terp 21 Mantgum
Skriuwsters: Marga Claus en Wieke de Haan
tiisdei 8 septimber: bibleteek De Jouwer, De Merk 31, De Jouwer
Skriuwer: Durk van der Ploeg
woansdei 9 septimber: bibleteek Drylts, Sudergowei 1A, Drylts
Skriuwers: Hanneke de Jong en Sjoerd Bottema
tongersdei 10 septimber: bibleteek De Gordyk, Schansburg 1, De Gordyk
Skriuwers: Manuela Köster en Sietse de Vries
moandei 14 septimber: bibleteek Frjentsjer, Martiniplantsoen 41, Frjentsjer
Skriuwers: Jetske Bilker, Mindert Wijnstra en Neeltje Bonnema
tiisdei 15 septimber: bibleteek Bûtenpost, Tsjerkestrjitte 51, Bûtenpost
Skriuwsters: Anny de Jong en Ytsje Hoekstra
woansdei 16 septimber: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Skriuwers: Anne Feddema en Auck Peanstra
+++++++++++++++++++++++
(tekst: weblog schrijver/journalist Abe de Vries)
19 augustus 2009
Boekefeest hat west?
Juster fong ik op dat der in ein komt oan it tradysjonele boekefeest fan It Fryske Boek, en dat dizze jûn, dy’t benammen foar de skriuwers ornearre is, ferfongen wurde sil troch in ‘lêzersfeest’.
Hmm… ik sil de Friese Pers Boekerij ris belje, hearre oft se der dêre ek wat fan witte. Tink it hast net. Der sil meikoarten wol meidielings oer dien wurde?
Nuver is it al – net sa’n lêzersfeest, want dêr is fansels neat mis mei, mar wol de ôfskaffing fan in jierrenlange tradysje om skriuwers ien kear yn it jier byinoar komme te litten foar in praatsje en in boarrel.

